Foaropwurd

Foar jo leit de begrutting fan de gemeente Noardeast-Fryslân foar 2027. Wy binne der yn slagge om de begrutting slutend te krijen. It wie dit kear in yngewikkelde taak om dit foarinoar te krijen. It docht my deugd melde te kinnen dat wy in lykwicht tusken útjeften en ynkomsten fûn hawwe troch skerpe karren te meitsjen, mei rjochting te ynvestearjen en ferantwurdlikheid te nimmen foar de takomst fan ús gemeente. Dat hat resultearre yn in posityf begruttingssaldo. Dat stimt my optimistysk, mar we moatte tagelyk realistysk wêze. Wy binne net yn rêstich farwetter telâne kommen.

Fan 2028 ôf ûntstiet in mearjierrich tekoart en is fierdere besparring op de útjeften needsaaklik. Foar 2027 hawwe wy keazen foar in besparring op de útjeften fan 1,56 miljoen euro en in ferheging fan de ynkomsten troch de OZB mei 15 persint. Mei in ferheging fan de bydrage fan ús ynwenners, neist alle besunigingen, kinne wy ús tsjinstferliening op it nivo hâlde dy't de ynwenners ferwachtsje meie en kinne wy ynvestearjen bliuwe yn in takomst mei perspektyf.

Dat perspektyf  hâlde wy troch ek foar guon saken in ekstra ynspanning te dwaan. Yn it koälysje-akkoart hawwe wy ôfpraat jild yn te setten foar in ûnderhâldsfûns foar doarpshuzen, it doarp - en wykfûns, saakkundige advisearring oer de waadkust, in goed proses foar de fêstiging fan in AZC en it opfangen fan de gefolgen yn ús gemeente fan klimaatferoaring. Dêrneist wolle wy ek trochgean mei it soargjen foar genôch wenten, it fernijen fan skoalgebouwen, it boargjen fan feiligens en wolle wy ek ús bûtentsjinst goed húsfestje, ús kapitaalguod lykas brêgen en diken goed beheare en moatte wy de útdagingen de holle biede dy't de netkongesty ús opleit.

Wy wolle in takomst mei glâns. Lit ik der net omhinne helje: Dêrfoar sille noch offers brocht wurde moatte. Wy sille dat benammen sels dwaan moatte, want de budzjetten fan de ryksoerheid bliuwe achter by de kosten dy't op ús boerd skood wurde. Soarchkosten nimme ta, foarsjenningen wurde djoerder en wy hawwe dêr gjin ynfloed op. We steane oan it begjin fan in wat mindere tiid en sille de kommende jierren dus skerp oan de wyn sile moatte.

Dizze begrutting is in balâns tusken ferantwurdlikheid nimme yn it hjir en no, en ynvestearjen bliuwe yn de takomst fan ús doarpen, ynwenners en foarsjenningen. It kolleezje leit jo in slutende begrutting foar, mei dúdlike karren en in realistyske blik op de jierren dy't komme. We krije noch lestige jierren. Ik rop lykwols elkenien op de skouders net hingje te litten, mar ús rêch te rjochtsjen en selsbewust de útdagingen oan te nimmen dy't ús wachtsje. Noardeast-Fryslân hat takomst en it is oan ús om dy foar ús ynwenners te behâlden.

 

Pieter L. Braaksma

Wethâlder finânsjes