204.1-1A: Utfieren Frysk taalbelied troch it Aksjeplan Frysk
De útfiering fan it Frysk Taalbelied is in paraplu foar alle soarten projekten en akjes op it mêd van Frysk en de Streektalen.
It útfieren fan it Frysk taalbelied is in trochrinnend proses wat fleksibel is en foaroprinnend is op de aktualiteiten op it mêd fan taal.
Jierlikse projekten sa as de Fryske wike en Jou in bern in boek binne útfierd.
Oan de amendeminten Fûns Sichtberens Frysk en Lânskipsbiografy is útfiering jûn.
Ein 2025 is de subsydzjeregeling Sichtberens Frysk en streektalen yn wurking gien. Yn gearwurking mei Cedin is der in tydskrift makke oer it lânskip fan Noardeast-Fryslân ynklusyf in lesbrief foar learkrêften. Alle learlingen fan de boppebou fan it basisûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortsetûnderwiis ha dit tydskrift krigen. It tiidskrift is ek digitaal beskikber sadat der ek yn oare jierren mei wurke wurde kin.
De aktiviteiten út it Aksjeplan binne útfierd en oan de amendeminten is útfiering jûn.
De aktiviteiten binne útfierd binnen de beskikbere budzjetten.