It útfieren fan it Frysk taalbelied is in trochrinnend proses wat fleksibel is en foaroprinnend is op de aktualiteiten op it mêd fan taal. 

 

 

Inhoud Groen

It aksjeplan is fêststeld.

Yn de Fryske Wike binne in soad aktiviteiten organisearre, oaren wurde taret. Der wurde projekten opset oangeande it Frysk en de Streektalen, en oangeande Sichtberens Frysk. 

Noardeast-Fryslân hat no in Meartaligenskoördinator en is koploper yn Frysk taalbelied en streektalen. Der rinne ferskate projekten, ek gemeentegriensoerstiigjend, lykas ‘Jou in bern in boek’. 

De koördinator wurket ek oan ynburgering en oersetting nei it Frysk. It taalbelied is in trochgeand en fleksibel proses.

Planning Groen

In diel fan de aktiviteiten út it Aksjeplan binne útfierd, In tal aktiviteiten is yn tarieding en wurde útfierd yn de kommende fearnsjierren.

Financiën Groen

De aktiviteiten binne útfierd binnen it beskikbere budzjet (diels budzjet Extra ynset Frysk en it besteande budzjet fan € 26.000).