Foar jo leit de programmabegrutting 2026. As wethâlder Finânsjes bin ik grutsk op'e koers dy't wy mei-inoar útset hawwe. Nettsjinsteande de besunigings dy’t opnaam binne yn dizze begrutting en de ûnwissichheid oer de bydragen dy’t gemeenten de kommende jierren út Den Haach krije, by steat om koers te hâlden. Dat freget om skerpe karren en it lef om te ynvestearjen yn wat écht telt. Bestjoere is foarútsjen en antisipearje op wat moarn nedich is. Allinnich troch mei in langetermynblik te stjoeren, kinne wy ús gemeente duorsum fersterkje en bouwe oan in takomstbestindige Mienskip.
Yn dizze programmabegrutting binne de besunigings ferwurke lykas foarsteld yn de kadernota. Dy besunigings binne nedich om ek foar de kommende jierren de finansjele basis op oarder te hâlden.
Tagelyk steane wy foar maatskiplike opjeften dy’t krekt freegje om in stevige en op'e takomst rjochte ynvestearringsbasis. Tink bygelyks oan de needsaaklike ynvestearrings yn ûnderwiishúsfêsting en it behâld fan fitale lokale foarsjennings.
Binnen it ramt fan de beheinde finansjele romte binne sekuere ôfwagings makke. In goeie tsjinstferliening stiet foarop, besunigje dogge wy wêr’t dat struktureel mooglik is. En wy ynvestearje yn dat wat needsaaklik is foar de leefberens en fearkrêft fan ús kearnen.
It is de keunst om skerp te stjoeren op ús langetermynambysjes, ek as de finansjele hoarizon soms ûndúdlik eaget. Dat freget om mienskiplik draachflak. Allinnich sa kinne we de beloften oan ús ynwenners wiermeitsje en koers hâlde.
Lit ús mei-inoar de skouders derûnder sette en fan dizze begrutting it fûnemint meitsje foar in takomstbestindich Noardeast-Fryslân, want dat is wat ús ynwenners fertsjinje.
Maaike Prins
Wethâlder Finânsjes