204.1-1A: Utfieren Frysk taalbelied troch it Aksjeplan Frysk

De útfiering fan it Frysk Taalbelied is in paraplu foar alle soarten projekten en akjes op it mêd van Frysk en de Streektalen.
Inhoud (voortgang)
Inhoud (toelichting)
It útfieren fan it Frysk taalbelied is in trochrinnend proses wat fleksibel is en foaroprinnend is op de aktualiteiten op it mêd fan taal.
Yn febrewaris hat foar de 2e kear it Frysk Diktee plakfûn yn it ramt fan de Fryske wike.
Jierlikse projekten (sa as Jou in bern in boek) en nije projekten (sa as it projekt mei sjonger Marcel Smit en skoallen) binne tared.
Tarieding nije namme foar brêge yn Kollum: yn Kollum wurdt de brêge oan de Eyso de Wendtstrjitte op koarte termyn ferfongen. De besteande namme wurdt net feroare, mar wol offisjeel yn it Frysk fêstlein as Eyso de Wendtbrêge.
Planning (Voortgang)
Planning (toelichting)
In diel fan de aktiviteiten út it Aksjeplan binne útfierd. In tal aktiviteiten is yn tarieding en wurde útfierd yn de kommende fearnsjierren. Troch útfallen en dêrtroch fermindere kapasiteit stiet de planning fan aktiviteiten ûnder druk.
Financiën (voortgang)
Financiën (toelichting)
De aktiviteiten binne útfierd binnen it beskikbere budzjet (diels budzjet Extra ynset Frysk en it besteande budzjet fan € 26.000).